Feehannel mei Ingelân útsocht

06 aug 2007 - 07:27
  • Bedriuwen wurde ûndersocht op tongblier (foto argyf Omrop Fryslân)

Tsientallen feebedriuwen yn it Noarden fan Nederlân binne fan it wykein op slot set, omdat dêr de lêste tiid kij út Ingelân oanfierd binne. Yn hiel Nederlân binne 200 bedriuwen op slot set. Net ien mei dêr it hiem op.

Alle feetransporten út Ingelân, mar ek transporten dy't fia Ierlân, Frankryk en België reizge binne, wurde no ûndersocht troch de Voedsel- en Warenautoriteit. Yn de hiele EU is de eksport fan fee út Ingelân ferbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)