Ljouwerter ferwûne by ûngelok

De auto waard troch de brânwacht út de sleat helle (foto Jaring Rispens)
By in iensidich auto-ûngelok op de Froonackerdyk by Winsum is snein in man út Ljouwert slim ferwûne rekke. De man kaam út it doarp Winsum, doe't er troch ûnbekende oarsaak earst in ferkearsboerd rekke en oanslutend yn de sleat bedarre.
Om de man út de auto te krijen, moast de auto út de sleat teakele wurde. De man waard mei earnstige ferwûnings oerbrocht nei it MCL. De dyk wie in skoft ôfset, mar is no wer frijjûn.