Agressy tsjin plysje

05 aug 2007 - 17:10

De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein yn Boalsert klappen mei de wapenstok útdield oan in groep fan 20 stappers. De stappers kearden harren tsjin de plysje, neidat de plysje in Boalserter(19) en in man út Wûns(20) oanhâlde. De groep kaam agressyf en skellend op de plysje ôf, mar nei de klappen waard it wer kalm.

De plysje hâlde de Boalserter en de Wûnser oan omdat dy net foldiene oan it fersyk om troch te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)