'Alves moandei nei Europa'

05 aug 2007 - 15:55

Hearrenfean-spits Afonso Alves stapt moandeitemoarn yn syn wenplak Belo Horizonte op it fleantúch nei Europa. Dat seit syn wurdfierder Wagner Augusto. Alves reizget net nei Nederlân, mar nei in oar Europeesk lân om dêr mei in topklub te praten oer in mooglike transfer. Yn de rin fan nije wike sil Alves ek kontakt sykje mei SC Hearrenfean, sa seit Augusto.

Alves hie him tongersdei melde moatten by Hearrenfean, mar bleau doe fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)