Ferwûnen troch ûntploffing

05 aug 2007 - 15:29
  • Fan de ûntplofte boat bleau net folle oer (foto Anne de Boer)

In ynwenner fan Noardburgum en in ynwenster fan Garyp binne sneontejûn ferwûne rekke by in ûntploffing op harren jacht. De twa wiene yn de jachthaven fan Suwâld de boat oan it bytanken doe't der brân ûntstie, nei alle gedachten troch bensinedampen dy't yn brân fleagen.

De twa ha har brânwûnen kuolle ûnder de douche, mar moesten oanslutend foar behanneling nei it sikehûs. De polyester boat wie net mear te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)