Plysje fûllearret yn Ljouwert
De plysje hat sneontenacht yn it sintrum fan Ljouwert previntyf fûllearre. Dêrby binne in buske pepperspray, in bûsmes, skroevedraaier, ierappelskilersmeske en in grut stik ark fûn.
Alle wapens waarden oantroffen yn auto's en binne yn beslach naam. Mei-elkoar binne hast 440 minsken en 150 auto's kontrolearre.