H'fean ferliest fan Albion

04 aug 2007 - 18:04

Sportklub Hearrenfean hat de oefenwedstriid tsjin West Bromwich Albion mei 3-1 ferlern. De iennige goal fan Hearrenfean waard makke troch Lasse Nilsson en kaam út in strafskop. It wie neffens teammanager Joop Heida gjin goede wedstriid fan de kant fan Hearrenfean.

Freedtejûn oefenet Hearrenfean noch thús tsjin it Spaanske Espanyol. De earste kompetysjewedstriid is op 17 augustus tsjin Willem II.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)