Lokomotiv Moskou wol Alves

Afonso thús yn Belo Horizonte mei syn saakwaarnimmer Roberto Tibúrcio
De Russyske fuotbalklub Lokomotiv Moskou is ien fan de meast serieuze gadingmakkers nei de tsjinsten fan de Braziliaanske fuotballer Afonso Alves. Lokomotiv Moskou soe al in bod fan 14 miljoen dien hawwe. Dat is net genôch, want sc Hearrenfean frege 20 miljoen foar Alves. De belutsen saakwaarnimmer befestiget dat de belangstelling út Ruslân 'it meast nijsgjirrich' is.
Njonken Lokomotiv Moskou soene ek FC Porto en Ajax yn de race wêze.