Soad fytse Weening-Classic

© Omrop Fryslân
De twadde Pieter Weening-Classic yn Surhústerfean hat sneon hast twa kear safolle dielnimmers as it ferline jier lutsen. Goed 1950 leafhawwers hawwe meidien oan de toertocht oer 25, 60 of 100 kilometer. Ferline jier wie dat noch tûzen.
Pieter Weening sels en syn ploechmaat Michael Boogerd riden de 25-kilometertocht. Ek heit Edze en mem Anneke Weening hawwe dy tocht útfytst.