Schuil nei heale finale WK

© Omrop Fryslân
Beachfolleyballers Schuil en Nummerdor steane snein yn de heale finales fan it WK beachfolleybal yn it Eastenrykse Klagenfurt. It duo fersloech sneontemiddei yn de kwartfinale it Dútske koppel Reckermann en Urbatzka mei 21-19 en 22-20.
Sneontemoarn wûnen se ek al fan in oar Dútsk folleyduo. Schuil, dy't fan Ljouwert komt, moat snein mei Nummerdor tsjin de Dútsers Klemperer en Koreng.