Boetes útdield op it wetter

© Omrop Fryslân
By in plysjekontrôle op 'e Lauwersmar en it PM-kanaal binne freed fiif minsken op 'e bon slingere. Trije fan har krigen in boete om't se oan it fiskjen wiene sûnder pas. In oar fiske mei libbene aas. In bestjoerder fan in wetterscooter krige 300 euro boete om't er gjin farbewiis hie en fierstente hurd gie.
By in alkoholkontrôle op de Houkesleat en it PM-kanaal freedtejûn krigen seis skippers in boete fanwege drank.