Jonge bedrige om beurs en gsm

04 aug 2007 - 13:41

In 17-jierrige ynwenner fan Drachten is yn de nacht fan tongersdei op freed mishannele troch twa mannen dy't it foarsjoen hiene op syn beurs en syn telefoan. De jonge fytste troch de Noorderbuurt doe't er ôfsnijd waard troch twa oare fytsers. Se bedrigen de jonge mei in mes en in boksbeugel.

Doe't de jonge syn guod net ôfjaan woe, waard er by de kiel pakt en krige er in skop. Dêrnei koe er ûntkomme. De fertochten hiene in bivakmûtse op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)