Walfiskkaken yn natoermuseum

© Omrop Fryslân
It natoermuseum Fryslân hat in grutte kolleksje walfiskbonken en oar guod út de tiid fan de walfiskjacht krigen. It giet om in skinking fan it eardere natoermuseum Enschede.
By de kolleksje sitte twa grutte walfiskkaken fan goed 6 meter. It giet om bonken fan de blauwe finfisk, it grutste bist fan ierde. De nije oanwinst is op dit stuit te sjen yn it museum. Ynkoarten wurdt der in seal ynrjochten spesjaal oer walfisken.