Nije leden SKS-bestjoer bekend

© Omrop Fryslân
Bouwe Westerdijk en Jan de Groot binne de nije leden fan it SKS-bestjoer. Dat is freedtejûn bekend makke. Lykas bekend hâldt foarsitter Jack Cramer en bestjoerslid Leo Visser der mei op. Ferwachte wurdt dat Bouwe Westerdijk him opfolgje sil, mar dêr hat de ledegearkomste takom maitiid it lêste wurd yn.
Kofjebrâner Douwe_Egberts bliuwt seker noch fiif jier de haadsponsor fan it skûtsjesilen. DE is dat no al 20 jier.