Stunt fan Schuil en Nummerdor

03 aug 2007 - 19:19
  • Richard Schuil en Reinder Nummerdor wûnen yn Klagenfurt fan de wrâldkampioenen.

Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor hawwe foar in stunt soarge troch te winnen fan de beachvolleybal-wrâldkampioenen. Se diene dat yn de earste ronde fan in toernoai út de World Tour searje. It Nederlânske duo wûn fan de Amerikanen yn in partij dy't fiif kertier duorre.

Se ferlearen de earste set noch, mar de beide sets dêrnei wûnen se en pleatsten har dêrmei foar de twadde ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)