Snits kampioen SKS-silerij

Snits is hjoed op de Snitsermar kampioen fan de SKS wurden. Snits einige hjoed as 8e yn de lêste wedstriid, mar dat wie genôch om it earste plak feilich te stellen. Visser is foar de fiifde kear SKS-kampioen.
Douwe Visser en syn bemanning wurde sneontemiddei om 14.00 oere op it gemeentehús fan Snits troch boargemaster Brok huldige. In grut feest wurdt organisearre troch de minsken fan de Sneeker Pan.