Mink wint lêste wedstryd SKS

Nei de earste wedstryd wûn te hawwen, wint d'Heale Moanne ek de slotwedstryd fan it SKS yn Snits. Debutearjend skipper Jitze Mink waard tidens de wedstryd net bedrige yn syn kopposysje. As twadde kaam It Hearrenfean oer de finishstreek, dêrnei Drachten.
Snits, lieder fan it klassemint, sylde in minne wedstryd troch as achtste oan te kommen. Dochs is Douwe Visser wer winner fan it SKS Skûtsjesilen.