Utstel fan betelling foar VEC

© Omrop Fryslân
It regionaal ferkearsedukaasjesintrum VEC yn Drachten ferkeart sûnt freed yn surséânse fan betelling, mar makket in goeie kâns op in trochstart. Dat seit bewâldfierder Wim Haafkes. It memmebedriuw yn Rijswijk is al fallyt en hat in skuld fan miljoenen.
De trije meiwurkers yn Drachten hawwe ûntslach oansein krige. It VEC fersoarget opliedings foar minsken dy't foar har berop in soad op 'e dyk binne.