Noch mear silers by Snitswike

03 aug 2007 - 13:41

Oan de 72ste Snitswike dogge fan sneon ôf mear as 820 hurdsilers mei. De Snitswike lûkt dêrmei mear dielnimmers as ferline jier, doe't it evenemint lest hie fan konkurrinsje fan oare ynternasjonale wedstriden.

Mei mear as 100 boaten is de Splash de grutste klasse. De Snitswike wurdt freed iepene mei de floatskou, de wedstriden begjinne sneon. Op it Starteilân wurde dan tûzenen besikers ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)