Foppe eareboarger Boarnsterhim

03 aug 2007 - 12:41

Yn syn eigen hûs yn Nes is Foppe de Haan freedtemoarn oerfallen troch in delegaasje fan de gemeente Boarnsterhim. De oerfal wie bedoeld om De Haan te ferrassen mei de earepenning fan de gemeente. Boargemaster Schadd oerlange de earepenning oan De Haan.

De bûnscoach fan Jong Oranje mei him no eareboarger fan Boarnsterhim neame. De Haan waard earder dit jier Europeesk Kampioen mei Jong Oranje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)