'Hearrenfean ferliest Alves'

Afonso Alves: kaam dizze wike net opdaagjen by Hearrenfean (foto Martin de Jong)
It sil sportklub Hearrenfean net slagje om de Braziliaanske topskoarer Afonso Alves langer fêst te hâlden. Dat is de ferwachting fan Oliver Cabrera, de saakwaarnimmer fan Ari Ferreira. "No't Alves yn it Braziliaanske alvetal spilet is hy te grut foar Hearrenfean", mient Cabrera.
Cabrera tinkt dat it net ferskinen fan Alves op it Hearrenfean it wurk is fan dy syn manager Roberto Tiburcio en net fan Alves sels.