Boogerd yn Weening Classic

Hurdfytser Michael Boogerd docht sneon mei oan de Pieter Weening Classic yn Surhústerfean.
Hurdfytser Michael Boogerd docht sneon mei oan de Pieter Weening Classic yn Surhústerfean. Dizze tourtocht waard ferline jier foar it earst ferriden. Weening sels stiet ek oan de start.
Neffens de organisatoaren docht Boogerd mei omdat syn foundation him ynset foar de kankerbestrieding. By de Pieter Weening Classis wurdt jild ynsammele foar 'Ride for Roses'. Dat is de troch Lance Armstrong opsette stichting foar de striid tsjin kanker.