Snits sa goed as wis kampioen

03 aug 2007 - 08:37
  • De SKS-finale yn Snits is ek in thúswedstriid fan 'e favoryt foar de einoerwinning

Snits is sa goed as wis kampioen by it SKS-skûtsjesilen. Dat is de konklúzje nei de behanneling fan 'e acht protesten dy't tongersdei nei de race op 'e Lemmer yntsjinne waarden. Dy protesten wiene ûnder oare rjochte tsjin Snits en Grou, dy't ien en twa stean yn it klassemint. Beide protesten waarden ôfwiisd.

Snits stiet mei noch ien wedstriid te gean mei 14.8 punten rojaal foar op it skûtsje fan Grou dat 19.9 punten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)