'Net mear as 15 aaien'

02 aug 2007 - 21:23

Aaisikers moatte noch mear as no har ferantwurdlikens nimme. Dat seit deputearre Andriesen. Der binne aaisikers dy't mear aaien meinimme as de tastiene fyftjin. Dêrmei jouwe se de Faunabeskerming munysje foar mooglike nije prosedueres om it aaisykjen te ferbieden.

Ek de neisoarch kin noch better, neffens Andriesen. Se krige op in feest yn Jirnsum in gouden ljip út namme fan alle aaisikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)