Enkête oer Frysk lânskip

© Omrop Fryslân
De provinsje lit ûndersykje wat wettersporters fine fan it Fryske lânskip. Dat gebeurt mei enkête- formulieren, mar minsken wurde ek persoanlik ynterviewd oer hoe't sy it Fryske lânskip wurdearje.
De útkomsten wurde brûkt as der by wettersportplakken plannen makke wurde dy't effekt ha op it lânskip. By guon plakken binne de lêste jierren nije foarsjennings boud. Boatsjeminsken kinne oanjaan wat se dêr fan fine.