Boalsert wint op De Lemmer

02 aug 2007 - 16:51

Boalsert hat tongersdei de silerij by de Lemmer wûn. It is de alderearste oerwinning fan Pieter Meeter yn syn SKS-karriêre. Syn skip lei fan it begjin ôf oan op kop, mar Meeter moast oan de ein noch in flinke striid leverje mei Douwe Visser fan Snits om ek oan kop te bliuwen.

De Sneker Pan waard twadde. Visser hat grutte kâns op it kampioenskip, mar der binne acht protesten, dus it klassemint kin noch oer de kop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)