Soad fûgels yn Rottige Meenthe

02 aug 2007 - 13:21

Yn natuergebiet de Rottige Meenthe by Wolvegea komme sân ferskillende fûgelsoarten foar. It giet om seldsume soarten. It binne der safolle dat se in wichtich diel útmeitsje fan de lanlike populaasje.

Dat komt benammen troch in werynrjochting fan it gebiet wêrtroch't der foaral goede sompegebieten ûntstean binne. En dêr profitearje benammen fûgels fan dy't har dêr thús fiele lykas de reiddomp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)