Man sjit mei paintball-pistoal

02 aug 2007 - 12:10

De plysje siket in autobestjoerder dy't mei in paintball-pistoal op jongeren skeat. Dat barde yn de Rottefalle. De jongeren warskôgen de man mei bewegings fan de earms dat er syn grut ljocht oan hie.

De man kearde de auto, de jongeren ferskûlen har achter in beam en de bestjoerder begûn te sjitten. Letter die bliken dat it in paintball-pistoal wie. Net ien waard rekke, mar de plysje nimt it ynsidint serieus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)