Undersyk nei miggepleach Skier

© Omrop Fryslân
De gemeente Skiermûntseach lit de relaasje tusken de wetteroerlêst en de miggepleach op it eilân ûndersykje. Yn july is der mear as 150 millimeter wetter fallen. Op guon plakken stean grutte plassen. Langpoaten hâlde har wol faker op by stilsteand wetter. De Lânbou-universiteit Wageningen sil it ûndersyk fan 't hjerst útfiere.
Underwilens wurdt de iisbaan leechpompt om de grûnwetterstân yn 'e omkriten sakje te litten.