Hearrenfean walst oer Eagles

01 aug 2007 - 21:55

Sportklub Hearrenfean hat woansdei de oefenwedstryd tsjin Go Ahead Eagles mei 7-2 wûn. De wedstriid waard spile yn Terwolde. De rêststân wie 2-1 foar Hearrenfean.

Doelpuntemakkers wiene Lasse Nilsson (trije kear), Jakob Poulsen (twa kear), Thomas Prager en Gonzalo García García. Dit wykein oefenet Hearrenfean noch tsjin West Bromwich Albion út Birmingham.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)