Johan van der Meulen Kening

01 aug 2007 - 20:06

Johan van der Meulen fan Broeksterwâld is woansdei keazen ta Kening fan de 154e PC. Johan van der Meulen wie ek de man dy't yn de finale it beslissende punt makke troch mei alles oan de hang op te slaan mei in ûnhâldbere sitbal.

PC-foarsitter Dykstra neamde it partoer fan Van der Meulen 'de fertsjinne winners', omdat se nei in drege lotting dochs yn de finale wisten te kommen en dy ek wûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)