Earnewâld wint skûtsjesilen

01 aug 2007 - 16:52

It skûtsje fan Earnewâld hat woansdei de SKS-wedstriid by De Lemmer wûn. Yn in bysûnder spektakulêre wedstriid wist skipper Gerhard Pietersma alle favoriten efter him te litten. Hy wist it bêste yn te spyljen op de grillige wyn.

Twadde waard it skûtsje fan De Jouwer, tredde dat fan Huzum. Klassemintslieder Snits waard woansdei tsiende, mar bliuwt wol earste yn it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)