Strobos frijjûn foar ferkear

De brânwacht giet omheech by de silo
Der hat woansdeitemiddei brân west yn in loads fan feefoerbedriuw Sikma yn Gerkeskleaster-Strobos. Dêrby wie der in lytse kâns op in moaleksploazje. Der wie lykwols gjin gefaar foar de omjouwing. De brân ûntstie yn in mealsysteem. As der soerstof by komme soe, wie der kâns op in ûntploffing.
It doarp hat ek noch in skoftke ôfsletten west foar ferkear. Korpsen fan de brânwacht fan ûnder oaren Dokkum en Bûtenpost binne ynset.