V.d. Meulen wint titanestriid

01 aug 2007 - 15:28

It partoer Van der Meulen hat yn de twadde omloop fan de PC de titanestriid tsjin it partoer Van der Meer wûn. Van der Meer sette goed útein en kaam mei 2-0 foar. Dêrnei rûn it lykwols net mear en Van der Meulen pakte fjouwer earsten op rige. Op 2-4 krige Van der Meer de geast wer.

Uteinlik waard it yn de striid tusken de favoriten 5-5, 6-4 foar Van der Meulen. Dat partoer komt yn de heale finale dat fan Wilco Rinia tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)