Brân by Sikma Strobos

01 aug 2007 - 14:42
  • Brân by feefoerbedriuw Sikma yn Strobos

By feefoerbedriuw Sikma yn Strobos wie woansdeitemiddei brân. De korpsen fan Bûtenpost en Dokkum wienen der om it fjoer te bestriden. Dat foel net ta, om't it in toer wie om te finen wêr't de brân begûn wie.

Der wie gjin gefaar foar ûntsnappen fan gefaarlike stoffen. Wol wie der kâns op in saneamde stofeksploazje. De brânwacht woe sa'n eksploazje foarkomme troch de moal út de loads te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)