'Nijbou museum soepeler'

© Omrop Fryslân
De bou fan in nij Frysk Museum en in tal winkels op it Saailân yn Ljouwert sil folle soepeler gean, no't der minder bedriuwen by belutsen binne. Dat seit ING Real Estate.
Dat bedriuw hat him weromlutsen en syn oandiel oan it projekt oerdien oan IPMMC Vastgoed yn Utrecht, dat al by it Saailânplan belutsen is. No't der minder partijen oer binne is der minder oerlis nedich. De ING wol him rjochtsje op oare projekten.