Motorrider ferwûne
In 56-jierrige Ljouwerter is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man seach te let dat in tal auto's stilstie foar in stopljocht op de Troelstrawei.
De motorrider ried mei syn motor by de auto's op en foel. Hy man is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.