Ferwûne by oanriding
Yn Snits is tiisdei in 31-jierrige autobestjoerster út Dedzjum ferwûne rekke by in oanriding. De frou seach op 'e Ljouwerterdyk by it linksôf slaan nei de Jachthavenstrjitte in tsjinlizzer út Snits oer de holle.
By de oanriding kamen beide auto's tsjin in muorre ta stilstân. De automobiliste is mei pine yn 'e nekke nei it sikehûs ta brocht.