ING stapt út Nij Saailân

01 aug 2007 - 06:44

Projektûntwikkelder ING Real Estate stapt út it projekt Nij Saailân yn Ljouwert. De ynvestearder hat it belang ferkocht oan IPMMC Vastgoed út Utrecht. Dat bedriuw is ek al bou-adviseur en projektmanager fan it nij te bouwen Frysk Museum. IPMMC sil no ek de wenten en winkels ûntwikkelje. Dat soe effisjinter wêze.

It útstappen fan ING Real Estate komt goed ien moanne nei it tekenjen fan it kontrakt mei de ferskate partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)