Cambuur ferliest mei 2-1

© Omrop Fryslân
Fuotbalclub Cambuur fan Ljouwert hat de op ien nei lêste oefenwedstryd foar it begjin fan de kompetysje mei 2-1 ferlern fan Omniworld. De Ljouwerters spilen út yn Almere. Cambuur kaam yn de fjirtichste minút mei 1-0 foar te stean troch in doelpunt fan Katipana. Flak dêrnei skoarde Omniworld, sadat de rêststân 1-1 wie.
Tsien minuten foar de ein fan de wedstryd makke Omniworld in twadde doelpunt.