Ilanois op 19 yn Mega Top 100

31 jul 2007 - 16:30

De Fryske band Ilanois stiet mei de single Pourin Rain op it njoggentjinde plak yn de Mega Top 100. Dat is benammen it gefolch fan in ludike aksje fan in wykmannich lyn. Doe hat Ilanois yn 24 oeren tiid 24 optredens jûn op likefolle lokaasjes yn hiel Nederlân.

Ek wie de band te gast ferskate radioprogramma's. De klip fan it ferske is yntusken al mear as 92.000 kear besjoen op de site fan TMF.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)