Ald Oerterp wurdt opdoekt

31 jul 2007 - 16:24

De Stichting Behâld Ald Oerterp hat himsels opdoekt, omdat de smidse, mûne en arbeidershúskes dy't de stifting rêde woe allegearre sloopt binne. De stifting rûn fêst op de kosten fan de restauraasje en de amtlike prosedueres. De mûne fan 1872 is sloopt en wurdt ferfongen troch in surrogaat.

Op it plak fan de smidse fan 1650 komt in dûbele wente, de arbeidershúskes fan 1925 binne ferfongen troch nijbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)