Deadlik ûngelok yn Grou
Op it Hoflân yn Grou is sneintejûn in 67-jierrige man fan It Hearrenfean deadlik ferûngelokke. De bestjoerder kaam fanút de rjochting Warten doe't hy yn in flauwe bocht de macht oer it stjoer ferlear. De auto kaam tsjin in beam ta stilstân.
De traumahelikopter is noch ynset, mar de help kaam te let. De dyk hat skoften lang ôfsletten west foar alle ferkear.