Contador nei Surhústerfean

Byld fan ´e profronde fan Surhústerfean (foto Martin de Jong)
De Spaanske winner fan de Tour_de_France, Alberto_Contador, komt nije wike tiisdei oan de start fan de profronde fan Surhústerfean. Fierder komme ek de Rabokoereurs Pieter_Weening, Thomas_Dekker en nei alle gedachten Michael_Boogerd oan de start.
De profronde wurket mei in budzjet fan 100.000 euro. De organisaasje is net benaud dat it publyk fuortbliuwt fanwege de dopingskandalen.