Soad melkfeehâlders ha skulden

30 jul 2007 - 15:28

Hast de helte fan de melkfeehâlders yn Fryslân hat safolle skuld, dat it bedriuw net of dreech oer te nimmen is. De bedriuwen hawwe sels it risiko op betellingsproblemen. Dat skriuwt akkountantsorganisaasje Alfa Beag yn it jierferslach oer 2006.

De measte feehâlders soene yn it ferline tefolle jild útjûn hawwe oan it keapjen fan molkkwotum. Dy skuldelêst hat fan gefolgen dat der no kwalik mear ynvestearre wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)