Mear risiko's wettersporters

© Omrop Fryslân
Wettersporters mei gjin of in bytsje ûnderfining nimme faak te folle risiko. Se binne faak net by steat om goed yn te skatten wannear't it wol of net ferantwurde is it wetter op te gean. Sjef Jan Kok fan de Snitser wetterplysje fynt dat wettersporters advys freegje moatte oan saakkundigen.
De ôfrûne wiken hawwe der ferskate ynsidinten west op it Fryske wetter, lykas it slimme ûngelok mei in platboaiem op de Iselmar.