Skûtsjesilen wer skrast

30 jul 2007 - 13:41

It skûtsjesilen op de Hegemermar by Wâldsein giet moandeitemiddei net troch. It waait te hurd. It is al de tredde kear dizze kompetysje dat in skûtsjewedstriid fan 'e SKS skrast wurdt fanwege it waar. Der wurdt yn de SKS-float drok praat oer de mooglikheid fan it organisearjen fan in ynhelwedstriid.

In mooglikheden is it hâlden fan twa wedstriden op ien dei. Dat soe dan wol in unikum wêze yn de SKS-skiednis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)