Tagongsprizen Spangea ferlege

sêne út Samson en Delilah
Opera Spangea hat de tagongsprizen foar de kommende foarstellingen ferlege. In tagongskaartsje foar de opera's fan 31 july oant en mei 5 augustus kostet no 45 euro yn plak fan 60. De organisaasje besiket mei dizze last minute-ferkeap mear jongere besikers te lûken, omdat de tinte noch net útferkocht is.
Yn Spangea wurde de opera's God's Videotheek en Samson en Delilah opfierd yn in tinte yn in stik lân.