Simmerbus hat reklame nedich

30 jul 2007 - 06:52

De saneamde simmerbus rydt fan 't simmer foar it earst ek bûten Fryslân: by de Biesbosch en by de Weerribben, mar de belangstelling falt noch wat ôf. Hofstra Reizen yn Drachten rydt mei histoaryske bussen in rûte foar toeristen en dy wurde kombinearre mei bygelyks in boattocht.

De bussen fan Ljouwert en Drachten nei Earnewâld slane goed oan, dy ride foar it tredde jier. De oare linen hawwe noch wat oanrinproblemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)