Partoer V.d. Meer wint yn Arum

29 jul 2007 - 17:56

De frije formaasjepartij yn Arum, de saneamde generale foar de PC, is wûn troch it partoer fan Rutmer van der Meer en Jacob en Chris Wassenaar. Se wûnen de finale mei 5-2 en 6-4 fan Simon Minnesma, Tjitte Bonnema en Folkert van der Wei. Chris Wassenaar waard útroppen ta kening.

De lytse preemje wie foar Johan van der Meulen, Auke van der Graaf en Taeke Triemstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)